Produkt ynformaasje yn de kategorie 12 jier en âlder

Salsafamke (ISBN: 9789033006791)

Jong, de Hanneke

‘Dit is myn sus'. Roelof raasde nei in groep dy't har entûsjast op de muzyk gean lieten. Freya joech hjir en dêr in hân. Se hearde nammen, seach gesichten mar wie alles daliks wer fergetten. It wie sa oerweldigjend! Se dûnsen ûnder de bleate himel, de stjerren skitteren tusken de diskolampen troch, as de muzyk in bytsje minder hurd wie hearde se it rûzjen fan de see en se fielde hoe't de wyn har troch it hier streake.
De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao omt har broer dêr staazje rint. Se komt yn 'e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik der foar dwaan moat.
Ienkear werom yn Nederlân fernimt se dat de fakânsje net sûnder gefolgen bleaun is. Wat no?

Freya liket der hielendal allinne foar te stean. Har geheim kin se net diele mei har heit en mem. Se moat mar sjen hoe't se har út har pynlike sitewaasje rêdt.

Hanneke de Jong, bekend fan "De lêste brief" en "Sterke skouders" skreau mei "Salsafamke" in nij en tige oertsjûgend boek foar de jongerein fan tolve jier en âlder. "De lêste brief" en "Sterke skouders" binne beide ek oerset nei it Nederlânsk. En "De lêste brief" waard bewurke ta in multimediastik mei toaniel, filmkes en live muzyk.


By de Afûk: € 15,00


Fuortdalik bestelle!
Nederlands Frysk English

Fakânsje top 10

  1. Lekker bûten ite mei Reitse

    Een zomerse dag met kok Reitse Spanninga

    By de Afûk: € 5,95

  2. Fan roazen & framboazewyn

    It ferhaal fan in tún

    By de Afûk: € 18,50

  3. Woudboerderijtjes

    Kleine boeren op de Friese zandgronden

    By de Afûk: € 18,50

CD top 3

  1. Piter Wilkens - De fleanende Hollanner

    De ...

    By de Afûk: € 17,90

  2. Cohen in het Fries CD+DVD

    In Frysk earbetoan oan Leonard Cohen

    By de Afûk: € 14,95

  3. Tomke CD : Ferskes fan de Tomke foarstellings

    Mei 16 ferskes

    By de Afûk: € 7,95