Heftich (ISBN: 9789062737628)
De ferhalen yn de bondel Heftich litte sjen dat it libben fan middelbere skoaljeugd behoarlik heftich
wêze kin. De ûnderwerpen rinne fan drank- en drugsgebrûk oant digipesten en misbrûk troch in loverboy.
Mar der wurdt ek omtinken jûn oan luchtiger saken sa as fakânsjeperikelen en in ekskurzje nei it
bûtenlân. Heftich is in flotskreaun boek dat midden yn dizze tiid stiet.
http://heftich.hyves.nl
Ate Grypstra (1973) skriuwt sûnt 2005 proaza en poëzij yn it Frysk. Hy hat publikaasjes hân yn
De Moanne, Hjir en op it ynternettydskrift Farsk. Fierders hat er foardrachten hâlden op
It Literêr Sirkwy en op it Grinzer poëzijfestival Dichters in de Prinsentuin. Hy wennet yn Bûtenpost
en wurket as dosint yn it middelber ûnderwiis.
By de Afûk: € 12,50
Fuortdalik bestelle!